Oane Galama wint yn Jaarsveld

14 jun 2014 - 18:13

Oane Galama hat yn Jaarsveld de earste wedstriid yn de nasjonale kompetysje fierljeppen op syn namme skreaun. Yn de alderearste sprong sette Galama in ôfstân del fan 20.56 meter en dêr kaam nimmen mear oan. Nard Brandsma waard twadde mei 19.09 meter en Thewis Hobma tredde mei 19.03 meter.

By de froulju kamen de Friezinnen der net oan te pas. Dymphie van Rooijen wûn mei 14.39 meter. Lisette Hulder helle it fjirde plak mei 13.88. By de junioaren waard Jan Teade Nauta twadde, achter Ricardo Faaij. Faaij ljepte 17.16 meter, Nauta 16.85.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)