Letten oanhâlden yn Nij Beets

14 jun 2014 - 14:09
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat freedtenacht yn Nij Beets twa manlju út Letlân oanhâlden op fertinking fan mishanneling en stellerij. Oanlieding soe in rûzje oer in stellen mobile telefoan wêze. In 21-jierrige Grinzer die oanjefte tsjin de manlju.

De plysje koe beide manlju oanhâlde en naam de telefoan yn beslach. De plysje docht ûndersyk nei de saak.

(advertinsje)
(advertinsje)