Blog: Wedstriden úteinset

14 jun 2014 - 13:53

De wedstriden foar de Special Olympics binne sneontemoarn úteinset. Alle twatûzen sporters binne teplak brocht. In grut part fan de sporters is nei Snits brocht, nei sportkompleks Schuttersveld en nei it Starteilân foar it silen.
Ek op sportkompleks Skoatterwâld binne de fuotbalwedstriden úteinset. Dêr siet de sfear der fansels goed yn, nei de oerwinning fan Nederlân juster mei 5-1 tsjin Spanje.

Trefwurden: 
argyf Special Olympics
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)