Iepening Special Olympics

De Special Olympics binne freedtejûn yn it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean op in spetterjende wize iepene. Tûzenen minsken seagen artysten lykas Ellen ten Damme, Lange Frans en Danny de Munk optreden.
De G-sporters geane sneontemoarn pas offisjeel los, mar koene freed al eefkes priuwe oan it evenemint en de sfear. De sfear siet der letter op 'e jûn goed yn troch de sportive prestaasjes fan it Nederlânsk alvetal tsjin it Spaanske team.