Grut feest yn stadion It Fean

Yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean wie it freedtejûn ien grut feest. Tûzenen belangstellenden en dielnimmers fan de Special Olympics seagen de fuotbalwedstriid fan Nederlân tsjin Spanje op grutte skermen. Yn earste ynstânsje kaam Nederlân mei 1-0 achter, mar noch foardat de earste helte ôfrûn wie waard it 1-1. Yn de twadde helte makke Oranje dien wurk en wûn mei 5-1 fan de regearend wrâldkampioen.