Takom wike ferkearsoerlêst A7

13 jun 2014 - 18:58

It ferkear op de A7 tusken Wytmarsum en Boalsert moat takom wike rekken hâlde mei fertragingen en omliedingen. Rykswettersteat docht tusken moandei 16 juny en moandei 23 juny asfaltearingswurk oan de dyk. Yn ferbân mei de wurksumheden is de dyk jûns nei acht oere ôfsletten. Moarns om seis oere giet ien rydstrook wer iepen foar it ferkear. Yn de nacht moatte automobilisten dus omride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)