Oerol offisjeel iepene

Oerol 2014 © ANP
It Oerol festival op Skylge is freedtemiddei offisjeel úteinset. De kommende tsien dagen brûst it eilan wer fan live muzyk en teater. Der wurde tsientûzenen minsken ferwachte dy't genietsje wolle fan live muzyk, teater en keunst. By de iepening wiene al in protte minsken yn it spier.
Dy wie dit jier wat oars as oars. Want it barde op in nij plak, it betonningsterrein fan Rykswettersteat by West. De iepeningshanneling wie foar in pommerant: Kommissaris fan de Kening John Jorritsma.