Jan Vincent berjochtet út Rio

De spanning begjint yn Brazilië op te rinnen. Noch in pear oeren en dan spilet Nederlân syn earste wedstriid op it wrâldkampioenskip fuotbal yn Brazilië. Ferslachjouwer Jan Vincent van Zuiden is op dit stuit yn it Súd-Amerikaanske lân foar de NOS en hy sjocht dat de Brazilianen in protte omtinken hawwe foar de Nederlânske wedstriid.
Sa wurdt de WK finale fan fjouwer jier lyn non-stop werhelle op de Braziliaanske tillevyzje. Op de blogpagina fan Omrop Fryslân kinne de aventoeren fan Jan Vincent yn Brazilië de kommende wiken folge wurde.
Omrop Fryslân radio gie freedtemiddei op en paad om te sjen hoe't it sit mei de oranjegekte. Yn de Trynwâlden like dat bot ôf te fallen. Yn Ryptsjerk bygelyks wie mar ien hûs te finen dat de oranje flachjes hie. Kafee It Wapen fan Fryslân yn Oentsjerk sjocht lykwols út nei de wedstryd. Mei grutte skermen en genôch fet yn de frituer hoopje se op in moaie jûn. It liket of wenje der yn Lekkum in hiel soad oranjefans. It die lykwols bliken dat it doarp krekt doarpsfeest hân hat mei it tema 'Oranje' en dat der dêrom noch hieltiid in soad fersiering hinget.