Kûbaard:gjin gruttere wynmûnen

In mearderheid fan de ynwenners fan Kûbaard is tsjin it nije wynmûneplan fan Wjukslach Kûbaard. Yn it plan wurde de besteande wynmûnen ferfongen troch gruttere, nije mûnen. It tal wynmûnen soe gelyk bliuwe. De ynwenners fan Kûbaard sjogge dit lykwols net sitten.
Se fine de nije mûnen te grut en te yndustriëel. Neffens de Kûbaarders passe de nije mûnen net yn it lânskip. Troch it ûntbrekken fan draachflak wol de Stichting Wiek him no út it wynmûneplan weromlûke.