Crone op 'e nij beneamd

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert © ANP
Ferd Crone wurdt op 'e nij beneamd ta boargemaster fan de gemeente Ljouwert. De ministerried hat freed besletten om Crone foar de beneaming foar te dragen. De boargemasterspost moast opnij ynfold wurde fanwege de gemeentelike fúzje fan Ljouwert en in part fan de eardere gemeente Boarnsterhim.
Crone wie sûnt 1 jannewaris 2014 al waarnimmend boargemaster fan de nije gemeente.