Jacobi kandidaatlistlûker PvdA

PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea wol listlûker fan har partij wurde by de Steateferkiezings fan takommend jier. Dêrmei giet Jacobi de striid oan mei deputearre Jannewietske de Vries, dy't har al earder kandidaat steld hat.
Oare PvdA-leden kinne har noch oant 1 july oanmelde as kandidaat listlûker foar de ferkiezings fan 18 maart. It is by de Fryske PvdA foar it earst dat de leden in listlûker kieze meie. Lutz wie earder ek kandidaat-listlûker by de Twadde Keamerferkiezings. Dy striid ferlear se fan Diederik Samsom.
Jacobi sit al goed acht jier as Twadde Keamerlid yn Den Haach. Se hat altyd al sein dat se graach wer werom wol nei Fryslân. De ferkiezings foar provinsjale steaten fan takommend jier lykje har in moaie gelegenheid.
Jannewietske de Vries neamt it yn in earste reaksje 'hiel moai' dat de PvdA-leden kieze kinne út yn alle gefallen twa goeie kandidaten foar it listlûkerskip. De Vries fynt Jacobi as lanlik bekende politika in goeie kandidaat foar it listlûkerskip en seit der nocht oan te hawwen om mei har de striid oan te gean.