Plysje pakt speedboatdieven

Wetterplysje (stockfoto) © Omrop Fryslân
Twa Snitsers binne yn de nacht fan tongersdei op freed oppakt foar it stellen fan in boat. It duo hie in speedboat mei bûtenboardmotor stellen oan de Wâldfeart by Snits. De plysje waard fuortendaliks alarmearre en sette de efterfolging yn.
Op De Brekken by Wâldsein binne de Snitsers fan 46 en 48 jier oppakt. De stellen boat en de boat dêr't de dieven mei nei Snits ta kaam wienen, binne yn beslach naam yn it ramt fan it plysje-ûndersyk nei de stellerij.