Haulster omkommen op A7

13 jun 2014 - 11:04

It slachtoffer dat tongersdei omkaam by in slim ûngelok op de A7 by De Jouwer is in man fan De Haule(57). In automobilist(60) út Snits rekke ferwûne by it ûngelok. Oan 'e ein fan de middei botste in frachtweinsjauffeur fan De Harkema achterop in file foar it ferkearsplein by De Jouwer. Nei alle gedachten hat de sjauffeur te let sjoen dat it ferkear foar him stilstie.

De A7 fan Snits nei De Jouwer hat by de rotonde oerenlang ticht west fanwege spoare-ûndersyk. It opromjen fan de ravaazje duorre ek lang omdat yn ien fan de auto's asbest lei.

Trefwurden: 
ûngelok A7 file rotonde omkommen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)