33e Oerol freed úteinset

13 jun 2014 - 10:57

It jierlikse teaterfestival Oerol nimt fan freed ôf foar de 33e kear it libben op Skylge oer. Der binne dit jier foarstellings op mear as 40 lokaasjes yn bosk, dún, skuorren, skoallen en tsjerken. 21 produksjes belibje harren premjêre op Oerol. Ek is der in soad omtinken foar strjitteater en byldzjende keunst.

En der is fansels muzyk fan ûnder oare Douwe Bob, Tim Knol, Broken Brass en Tangerine. It festival begjint dit jier noch wat earder as oars, want de earste foarstellings binne al op freedtemoarn.

It festival wurdt freedtemiddei offisjeel iepene troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Oanslutend spilet Tryater in stikmannich sênes fan de strjitopera 'De IIsfoarstin'. Oerol luts ferline jier mear as 50.000 besikers.

Trefwurden: 
Skylge iepening Oerol
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)