Drachtster skopt befeiliger
In Drachtster (18) hat tongersdei twa befeiligingsmeiwurkers yn Grins oanfallen neidat er trappearre wie op stellerij. De fertochte hie in blik bier stellen by in supermerk oan it A-Kerkhof. In befeiligingsmeiwurker besocht him tsjin te hâlden, mar waard doe slein. Syn kollega krige in skop.
De plysje hat de man letter oanhâlden.