Priis foar Noorderhoek Snits

13 jun 2014 - 10:42

Wensoarchsintrum Noorderhoek út Snits is tongersdei yn de prizen fallen op it Nasjonaal Kongres Gastfrijheidssoarch yn Utert. Noorderhoek waard útroppen ta winner fan Fryslân en einige lanlik as tredde. Mei-inoar dienen goed 230 soarchsintra oan dizze wedstriid mei. Se binne beoardiele op gastfrijheid, kwaliteit fan it iten en sfear.

Ek ûnderfinings fan gasten waarden yn de beoardieling meinommen. Noorderhoek krige fjouwer stjerren, lykas sân oare soarchhuzen fan soarchgroep Tellens dêr't Noorderhoek ûnder falt.

Op it kongres gastfrijheidssoarch waarden de folgjende stjerren útdield:
4 stjerren foar: Noorderhoek yn Snits, Avondrust yn Makkum, Aylva State yn Wytmarsum, Martenahiem yn Tsjom, Nij Dekama yn Weidum, Dr. Wumkeshûs yn Snits, Nij Mariënacker yn Warkum.
3 stjerren foar: Nij Stapert yn Wommels, Bonifatiushûs yn Snits, It Menniste Skil en Huylckenstein yn Boalsert, Teatskehûs yn Blauhús en Talma State yn Heech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)