Miljoenen foar Waddenkwartier

13 jun 2014 - 07:58

Yn Lauwerseach set sneon it Waddenkwartier útein. It inisjatyf is opset om mear toeristen nei de Waadseekust te heljen. It projekt is in gearwurking fan de gemeenten Dongeradiel en De Marne en de provinsjes Fryslân en Grinslân. Dy stekke meimekoar miljoenen yn Waddenkwartier.

Mei dat jild wurde fyts- en kuierpaden opknapt en ûndernimmers krije subsydzje. Sy moatte dêrmei aktiviteiten organisearje foar toeristen yn it gebiet. Waddenkwartier rint foarearst foar in perioade fan fiif jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)