Offisjeel chillplak Drachten

12 jun 2014 - 21:44

De gemeente Smellingerlân docht in proef fan seis moanne mei chillplakken foar jongeren yn it Slingepark en Thalenpark. It giet om in inisjatyf fan de Jeugdried. Jongeren krije troch de wike oant 22.30 oere en yn 't wykein oant 01.00 oere ta, op dizze twa plakken, de frijheid om te dwaan en te litten wat se wolle. As se de boel mar net ferniele en sels de rommel oprêde.

It jongerewurk en de plysje hâlde de saak yn de gaten. Doel is om in ein te meitsjen oan de oerlêst fan jongeren op hingplakken yn de wenwiken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)