In 10 foar wiskunde

Riekes Groen mei syn wiskundelearaar Joop de Wolf © CSG Liudger
In bysûndere prestaasje fan in eksamenkandidaat út Fryske Peallen. VMBO-learling Riekes Groen fan it CSG-Liudger helle op syn einlist in tsien foar wiskunde. En dat komt net faak foar. Riekes helle in 9,8 foar it algemiene eksamen, en hie al in 9,5 stean. Dat sifer wurdt úteinlik op de einlist dan in 10. Lokaasjedirekteur Titia Keuning is tige grutsk op de learling. Riekes sels bliuwt nuchter: 'Ik vind wiskunde gewoon niet zo moeilijk'.
It wiskundetalint sil takom jier de oplieding Allround Operation Technicus yn Delfsyl dwaan.