'Alkoholregels te ûndúdlik'

12 jun 2014 - 20:50

Undúdlikens oer de alkoholregels sil derfoar soargje dat der juridyske prosedueres komme. Dat ferwachtet Jort Bonne fan de Skylger Kempinghâldersferiening. Op dit stuit meie 16 en 17 jierrigen gjin alkohol drinke yn de iepenbiere romte, mar it mei wol yn de tinte en in stikje dêr omhinne. De gemeente hat oanjûn dat der dizze simmer stranger kontrolearre wurde sil op de oanfierrûtes. Mar neffens Bonne binne de regels sa't dy der no binne net te hânhavenjen troch de ûndúdlikens oer de ein en it begjin fan de private romte by in tinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)