Hege straf moard Jan Elzinga

12 jun 2014 - 17:13

It Iepenbier Ministearje hat yn heger berop opnij hege selstraffen easke foar de moard op Jan Elzinga út Marum. Tsjin de twa fertochten is 15 en 18 jier sel easke. Dit is gelyk oan de straf dy't de rjochtbank de manlju earder oplein hat.

Elzinga is yn july 2012 deasketten op it parkearplak fan it swimbad yn Marum. De man dy't opdracht joech foar de moard krige earder al 18 jier sel oplein. Hy hat altyd ûntkend de opdracht jûn te hawwen. De haadfertochte dy't Elzinga likwidearre krige fan de rjochtbank al 15 jier sel.

Trefwurden: 
moard Marum Jan Elzinga
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)