Twa kear wrâldbeker op Thialf

Thialf, It Hearrenfean © ANP
Der wurde op Thialf kommende winter twa wrâldbekerwedstriden hâlden. Dat hat de ynternasjonale reedrydorganisaasje ISU tongersdei bekend makke. Heal desimber en begjin febrewaris binne de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean.
De wrâldbekerfinale is ein maart yn it Dútske Erfurt. Earder wie al bekend dat yn febrewaris it WK ôfstannen ek op Thialf ferriden wurdt. Op Thialf sil dit jier begûn wurde mei de fernijbou. Dy moat yn 2016 klear wêze.