Nije oanhâldings wytwasksaak

© Omrop Fryslân
De plysje hat dizze en foarige wike opnij fjouwer minsken oanhâlden foar it wytwaskjen fan jild. It giet om trije froulju út Ljouwert en in 32-jierrige man út IJsselstein. Mei dizze fjouwer oanhâldings is it oantal minsken dat oppakt is foar wytwaskjen oprûn nei in totaal fan 11.
Op dit stuit sitte noch trije fan harren fêst, wêrûnder de twa haadfertochten. It ûndersyk is noch yn folle gong en mear oanhâldings wurde net útsletten.