Warskôging oranje fersierings
Freed is de earste WK-wedstriid fan Oranje yn Brazilië. De echte supporters ha de oranje flaggen al lang te hingjen. Mar as de flachjes oer de dyk te leech hingje blokkeare se it paad foar de brânwacht. Boppedat kin it oranje guod samar yn 'e brân fleane. Dêrom warskôget de brânwacht de oranjefans. De flachjes oer de dyk moatte heger as 4 meter hingje en de trochgong moat altyd breder as 3.5 meter bliuwe.
Foar feilich fersieren yn 'e hûs ha se ek wol wat tips: tsjek de labels fan oranjeguod oft it brânfeilich is en hingje de flachjes op mei izertriid, dan kin it net nei ûnderen falle as der brân útbrekt.