Auto oer de kop by It Fean
Op de A32 by It Hearrenfean is tongersdei krekt nei tolve oere in ûngelok bard. By in iensidich ûngelok fleach in auto oer de kop. De bestjoerder wie by kennis en koe sels út de auto komme, meldt de plysje. De oarsaak fan it ûngelok is noch ûnbekend.