Jonge seebearman nei Aqua Zoo

11 jun 2014 - 22:10

Aqua Zoo by Ljouwert hat der wer in bist by, in trije jier âlde, Súd-Afrikaanske seebearman út it Dútske Halle. It bist moat foar jongen soargje, want it oare mantsje is al op leeftiid en spilet neat mear klear by de trije wyfke-seebearen.

De nije oanwinst is lykwols no noch te jong om de taak oer te nimmen en dat is mar goed ek. As de nije seebearman wat wol, moat hy earst de striid oangean mei it âlde mantsje en dy kin dêr net sa goed oer want hy is echt âld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)