Enkête oer swimbad De Gordyk

11 jun 2014 - 20:46

Pleatslik Belang De Gordyk hâldt in enkête oer it swimbad. De feriening wol besjen oft der animo foar is om it pleatslike swimbad mei frijwilligers iepen te hâlden. De sitewaasje fan de rekreaasjefoarsjenning wurdt hieltyd dreger. Besikersoantallen binne te leech en de kosten te heech. Alle oeren dat it swimbad iepen is, wurdt der 110 euro ferlies draaid.

De gemeente Opsterlân moast dit jier sels 20.000 euro bylizze, oars koe it bad dizze simmer net iepen. De enkête fan Pleatslik Belang wurdt yn de lêste wike fan juny hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)