Nêsten fan rôffûgels fernield
Nêsten mei aaien of jongen fan rôffûgels binne ôfrûne wiken fernield. De plysje hat meldings krigen fanút Snits (oan de Grienedyk) en Sondel (de Jacobus Boomsmastrjitte). Dêr binne beammen mei dêryn nêsten fan de rôffûgels omseage. De plysje siket tsjûgen fan de fernielings.