Alkoholoertredings rap oanpakt

It Iepenbier Ministearje seit genôch kapasiteit ta om oertredings fan de alkoholwetjouwing op Skylge rap oan te pakken. Dat is woansdeitemiddei ôfpraat yn in petear tusken boargemaster Rob Bats fan Skylge, steatssekretaris Martin van Rijn en prokureur-generaal Herman Bolhaar fan it Iepenbier Ministearje.
Koartlyn ûntstie der opskuor om't it der op like dat de jongerein op jongerekempings behoarlik frij drinke koe. Hânhaveners fan de gemeente sille dizze simmer foaral ynsette op kontrôle fan it transport fan alkohol.
Ek wurde de fergunnings fan de kempings op 'e nij goed tsjin it ljocht hâlden. Boppedat giet boargemaster Bats ynkoarten nochris mei alle belutsenen op it eilân om tafel.