Kontrakt mei De Steense opsein

Sporthal De Steense yn Wolvegea © Google Maps
Gemeente Weststellingwerf hat it kontrakt mei de pachter fan sportsintrum De Steense yn Wolvegea opsein. Oanlieding is in finansjeel skeel mei de útbater. De Steense bestiet út twa sporthallen en in swimbad. Op koarte termyn hat it opsizzen fan it pachtkontrakt noch gjin konsekwinsjes foar de aktiviteiten. De gemeente seit dat alle plande eveneminten oant en mei septimber gewoan trochgean kinne.
Weststellingwerf is al mei ferskate partijen yn petear om in nije pachter te finen foar De Steense.