4000 hantekens tsjin wynmûnen

Mei ferskate ludike aksjes hawwe tsientallen minsken woansdeitemiddei goed 4000 hantekeningen oanbean oan deputearre Hans Konst. Se binne poer tsjin op de plannen om wynmûnen op it lân te pleatsen. Foar it provinsjehûs yn Ljouwert spruts Hans Jouta út Ferwert deputearre Konst út namme fan de ferskate aksjegroepen út Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en It Bilt ta. Ek krige Konst de hantekeningen oerhannige.
Deputearre Konst seit ta de protestlûden tsjin de wynmûnen troch te jaan oan de Steaten en de plannemakkers fan Fryslân foar de Wyn.