Sânskulptuerfestival fan start

11 jun 2014 - 16:17

Goed 800.000 kilo sân yn Snits wurdt de kommende dagen troch sa'n 20 sânskulptuerkeunstners ferwurke ta meters hege keunstwurken. Fan snein ôf kinne besikers de skulptueren besjen op it Sânskulptuerefestival Fryslân. It tema dit jier is Hollywood. De organisaasje hopet it tal besikers fan ferline jier - sa'n 50.000 - te ferbetterjen.

Underdiel fan it festival is it Nederlânsk Kampioenskip Sânskulptueren, dat foarôf giet oan de iepening foar it publyk. Besikers kinne sels ek oan 'e slach by ferskate wurkshops.

De sânskulptueren binne oant en mei ein septimber te besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)