Tekener hûntsje Stip ferstoarn

11 jun 2014 - 15:17

Mei de dea fan de Britske tekener Eric Hill komt in ein oan de súksesfolle berneboekerige Spot. Fan it boekje oer it boartlike hûntsje binne talleaze oersettings makke. Tritich jier lyn barde dat foar it earst yn it Frysk. Fan Stip ferskynden by de Afûk troch de jierren hinne 49 titels.

Dêrmei is it de meast súksesfolle Frysktalige ko-produksje op berneboekegebiet. Neist de boekjes kaam Stip ek op tillevyzje, as bernesearje by Omrop Fryslân. Tekener Eric Hill is 86 jier wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)