Stipe-aksje swimbad Boalsert

Stifting Ons Zwembad yn Boalsert is drok dwaande 'freonen' te winnen om de gemeente Súdwest-Fryslân sjen te litten dat de stêd net sûnder swimbad kin. Mei de aksje 'Vriendje voor een Tientje' kinne minsken it swimbad stypje.
De gemeente is fan doel om fan 2018 ôf 370.000 euro yn it jier te besunigjen op fjouwer swimbaden. It swimbad yn Boalsert kin de kop net boppe wetter hâlde sûnder gemeentlike subsydzje. Op 3 july nimt de gemeente in definityf beslút.