Teaterkafee Snits mei iepen

It teaterkafee yn Snits mei definityf iepen. Café Kramer hie al earder in fergunning krigen fan de gemeente, mar beswieren fan de omwenners tsjin it opsetten fan in terras holden it kafee de ôfrûne wike dochs noch ticht. Tiisdei hat it kolleezje fan b. en w. lykwols besletten de beswieren net ûntfanklik te ferklearjen.
Dat betsjut dat it kafee njonken it teater fan Snits woansdei echt los mei. Dermei wurdt in winsk fan de teaterdireksje en it gemeentebestjoer werklikheid. Dy woene graach dat der by it teater in hoarekagelegenheid komme soe.