Bedriuwsynbraak yn Bûtenpost
By in ynbraak yn in bedriuw oan de Edisonstrjitte yn Bûtenpost hawwe dieven yn de nacht fan moandei op tiisdei jild, in laptop en in boarmasjine stellen. Wurknimmers seagen tiisdeitemoarn de klûs iepenstean. De dieven binne binnenkaam troch in rút. Der is oanjefte dien by de plysje, dy't de ynbraak ûndersiket.