Aksje tsjin ôfskaffen NAK

Ierappelboeren komme yn aksje tsjin it ôfskaffen fan de Nederlandse Algemene Keuringsdienst voor zaaizaad en pootgoed van landbouwgewassen NAK. Minister Kamp wol de NAK opheffe en de kontrôle ûnder it ministearje falle litte. Dêrmei komt ek it saneamde NAK-label te ferfallen en dat hat neffens de boeren grutte negative gefolgen foar de posysje fan ús lân as grutste eksporteur fan poaters, omdat dat label yn it bûtenlân sjoen wurdt as in merk.
Fjouwer boeren binne in hantekenaksje begûn om de polityk te bewegen fan de plannen ôf te sjen.
It CDA yn Provinsjale Steaten hat de saak ek oppakt en fragen steld oan deputearre Johannes Kramer. Dy hat tasein de saak oankaarte te sillen by de minister.