Manifest tsjin skalygas tekene

10 jun 2014 - 20:57

De provinsje Fryslân set de hantekening ûnder in lanlik manifest tsjin de winning fan skalygas. Dat makke deputearre Sietske Poepjes tiisdei iepenbier. It giet om in aksje dy't troch de gemeente Boxtel en de NE-Polder optúgd is. Doel is om de Twadde Keamer oer te heljen tsjin winning fan skalygas te stimmen.

Neffens de gemeenten en provinsjes dy't it manifest ûndertekenje, moat earst ûndersocht wurde wat de gefolgen binne foar it miljeu. It Ryk giet der lykwols oer en de minister hat ek lokaasjes yn Súdeast-Fryslân en de Wâlden op it each.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)