Proef mei chip op medisinen

Sikehûs MCL yn Ljouwert kin yn de takomst mooglik in heal miljoen euro besparje op djoere medisinen foar pasjinten dy't reuma of kanker hawwe. De polyklinyske apteek yn it sikehûs docht mei oan in proef mei in chip op medisynferpakkings. De chip mjit de kondysje fan de medikaasje.
Wannear't in pasjint om wat foar reden dan ek in kuer net ôfmakket wurdt frege it medisyn wêrom nei de apteek te bringen. As út gegevens fan de chip bliken docht dat it neffens de bysluter bewarre is, kin dizze mooglik wer brûkt wurde.
It ûndersyk nei wergebrûk fan medisinen wurdt ek yn noch sân oare grutte sikehuzen dien.