Drege maitiid foar de skries

De skriezen yn Fryslân ha in nuvere maitiid achter de rêch. Fan de sechtjin Kening fan de Greide-skriezen mei in stjoerderke (folge troch û. o. Jos Hooijmeijer fan de Ryksuniversiteit Grins), ha acht bret en dat liket in goeie ôfspegeling fan wat der him yn it fjild ôfspile hat. It nuvere sit him foaral yn de gefolgen fan de betide maitiid.
Trochdat it gers yn natoergebieten hiel hurd groeide, hienen piken it dreech om fretten te finen. Ynsekten wienen boppedat faak te lyts. Eins wie de kâlde maitiid fan ferline jier better foar de skries.
Hooijmeijer hat op it lân ek in nêst fûn dêr't de boer net ien, mar twa kear om hinne meand hat. En dat is unyk, sa goed as Hooijmeijer wit.