Undersyk nei Tsjonger en Linde

Wetterskip Fryslân besjocht oft it mooglik is om wer echte beken te meitsjen fan de Tsjonger en de Linde yn it suden fan de provinsje. No noch komt it wetter hjir út yn Fryske kanalen en marren, wêrnei't it troch gemalen en spuislûzen yn see bedarret.
As beide beken wer streekrjocht op de Iselmar útkomme, komt dat it wetterskip goed út: yn de takomst wurdt it troch de klimaatferoarings in stik dreger om al it wetter op tiid de provinsje út te krijen. It skeelt in soad as de Tsjonger en de Linde sels it paad nei it leechste punt fine.
Der moat lykwols noch in soad ûndersocht en oerlein wurde foardat hjiroer in beslút nommen wurde kin.