Maisdoalhôf foar it goede doel

Mais © EPA
Stifting Keunstkrite, biologyske fruitkweker Frytsjam en feehâlder Berend van der Wal út Twizel hawwe in maisdoalhôf oan De Wedze oanlein. Doel is om jild yn te sammeljen foar de restauraasje fan de âlde herfoarme tsjerke fan Twizel. By de oanlis hawwe de inisjatyfnimmers help krigen fan Betty Pilat, dy't yn Feankleaster al earder in maisdoalhôf oanlein hat.
De attraksje giet op 21 juny iepen, dan is it mais heech genôch foar bern. Letter yn de simmer komt der ek noch in eksposysje yn it doalhôf.