Welkoop: 'Gjin kommentaar'

10 jun 2014 - 15:23

De haaddireksje fan Welkoop wol neat sizze oer eventuele ôfspraken mei motorklup No Surrender, dy't moandei it parkearterrein by de Welkoopwinkel oan de Heliconwei yn Ljouwert brûkten as sammelplak foar in toertocht. Sa'n 60 motorriders, in grutte frachtwein en in pear kreamkes ferrasten it personiel fan de winkel. Sy diene dêrom de saak ticht.

De baas fan No Surrender sei dat se ôfspraken makke heine mei de gemeente en de haaddireksje fan de Welkoop. Dy melde tiisdei dat se hjir gjin kommentaar op jaan wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)