Acht jier sel foar stekpartij

10 jun 2014 - 12:46

De 45-jierrige Ljouwerter dy't der fan fertocht wurdt dat hy yn jannewaris yn de Curacaostrjitte in stedsgenoat deastutsen hat, hearde tiisdeitemoarn acht jier sel tsjin him easkjen. De eask is basearre op deaslach. De fertochte beropt him op needwaar.

It slachtoffer belle begjin jannewaris by de fertochte oan en easke jild. Der ûntstie rûzje, dêr't de fertochte himsels mei in mes by ferdigene. It slachtoffer waard ûnder de kaaibonke rekke en is dêrnei deablet.

De offisier fan justysje fynt dat de fertochte genôch mooglikheden hie om in oare kar te meitsjen yn dizze situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)