Mishannelings yn Fryslân

Geweld © Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitejûn op it Noarderein yn Drachten in 16-jierrige ynwenner fan Drachten oanhâlden foar mishanneling fan in 17-jierrige jonge. Se wiene oan it fuotbaljen en krigen spul, de fertochte sloech it slachtoffer mei de fûst en letter mei in kabel.
In oare Drachtster fan 28 waard yn de nacht fan snein op moandei op de Hooizolder oanhâlden, omdat hy der fan fertocht wurdt dat hy in 30-jierrige plakgenoat fan de fyts treaun hat. Sy rekke dêrby ferwûne en hat oanjefte dien.
Yn Ljouwert is moandeitejûn in 18-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden omdat hy de freondinne fan in 18-jierrige man út Kollumersweach lestich foel. Doe't it slachtoffer dêr wat fan sei, waard hy slein. In 26-jierrige man út De Knipe en in 29-jierrige Feanster binne moandeitemiddei op de Marktwei op It Fean oanhâlden op fertinking fan in 37-jierrige frou út Aldskoat. De frou seach dat it stel spul hie mei in oare man, doe't sy dêr wat fan sei, krige se klappen. Alle oanhâlden fertochten binne foar neier ûndesyk oerbrocht nei it buro.