Skouts op militêr terrein

09 jun 2014 - 17:25

Dit pinksterwykein binne der gjin militêren te finen op it oefenterrein De Marnewaard by Lauwerseach. It gebiet is ynnaam troch tûzenen skouts. Se binne hjir foar it jierlikse noardlik pinksterkamp, it grutste skoutingkamp fan Europa. Sawat 3500 bern, jongeren en frijwilligers út it Noarden hawwe harren tinten opslein by Lauwerseach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)