Bouwmeester nimt de EK-lieding

Marit Bouwmeester, hjir op argyffoto © Petar Prkic
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is it EK Laser Radial yn it Kroätyske Split pinkstermoandei úteinset mei twa twadde plakken. Bouwmeester moast yn de earste race de Tsjechise Veronika Fenclova Kozelska foargean litte. Joyce Floridia út Italië einige as tredde. Yn de twadde race pakte de sylster fan Warten ek in twadde plak. Dit kear wie de Belgise Evi van Acker har te rap ôf. It tredde plak gong nei Sarah Gunni Toftedal út Denemarken.
Bouwmeester giet oan de lieding yn it tuskenklassemint.
It EK duorret noch oant en mei 14 juny.