Westra 48e op 2e dei Dauphiné

Lieuwe Westra © ANP
Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is pinkstermoandei 48e wurden yn de twadde etappe fan it Criterium du Dauphiné. De winst yn de etappe oer goed 158 kilometer gong lykas snein nei Chris Froome. De Ingelsman wie krekt as snein yn de tiidrit de rapste. Alberto Contador waard op 'e nij twadde. Bêste Nederlanner wie Wilco Kelderman, dy't knap as tredde einige.
Froome giet yn it klassemint oan de lieding mei 12 sekonden foarsprong op Contador. Kelderman klimt nei it tredde plak, op 21 sekonden fan Froome.
Tiisdei stiet de langste etapperit op it programma. Dan fytse de manlju de 194 kilometer lange tocht fan Ambert nei Le Teil.