Drankrider naait út, de A32 op

09 jun 2014 - 13:08

In 30-jierrige man út Tytsjerksteradiel is snein syn rydbewiis kwytrekke nei't er mei drank op achter it stjoer pakt wie. De plysje seach de man slingerjend oer de Ruxveensewei yn Stienwyk riden. Hy krige in stopteken, mar naaide út.

Op de A32 yn de rjochting Wolvegea koe de plysje de man oanhâlde. Nei in azemtest op it parkearplak besocht de man wer út te naaien. Fier kaam er net. De plysje hie him gau te pakken.

Op it buro krige de man in boete foar it ynheljen oer in trochlutsen streek, it riden oer in ferdriuwingsflak en it trochriden nei in stopteken. Hy rekke boppedat it rydbewiis kwyt.

Trefwurden: 
alkohol Wolvegea drank A32
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)