Liveblog fytsalvestêdetocht

09 jun 2014 - 13:01
Stimpelpost yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan

Liveblog oer de fytsalvestêdetocht fan pinkstermoandei.

17:54 oere Wy slute it liveblog ôf. Foar mear ynformaasje sjoch nei Hjoed, sjoch nei de nijsberjochten op www.omropfryslan.nl of harkje nei Omrop Fryslân Radio.

16:40 oere De stimpelpost is werom yn it sintrum fan Starum. Dat jout in soad gesellige drokte. Foarhinne wie de stimpelpost op in grut parkearterrein oan de râne fan de stêd.

16:38 oere Yn it sintrum fan Drylts wurdt wer sûpe en molke útdield yn plak fan sportdrank yn it ferline. De dielnimmers reagearje dêr mei entûsjasme op

15:04 oere Der binne oant no ta al hûnderten dielnimmers oer de einstreek kaam, meldt organisator Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht. Hy is tige te sprekken oer it ferrin fan de tocht oant no ta. It is neffens him goed fytswaar en de dielnimmers hawwe net folle lêst fan de waarmte. Op twitter waard sprutsen oer fytsers dy't net goed waarden, mar Rekker koe net sizze hoe folle oft dat wienen. It tal falpartijen is net heger as oars, lit er witte.

15:00 oere De earste fytsers binne om healwei twaen binnenkaam, meldt de organisaasje

(advertinsje)
(advertinsje)